Stasjon Maarssen
Stasjon Maarssen station Maarssen | ||
Stasjon Maarssen yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Stichtske Fecht | |
plak | Maarssen | |
adres | Safariweg 32 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Mas | |
iepening | 18 desimber 1843 | |
boujier | 1890 1e stasjonsgebou 1979 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1979 1e stasjonsgebou 2003 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1890 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1979 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Maarssen (Mas), iepene op 18 desimber 1843, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Breukelen yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Maarssen waard iepene yn 1890, 47 jier neidat it spoar ree kaam wie. It stasjonsgebou wie bekend as in standerttype Harmelen, it wie yn fan de fjouwer stasjonsgebouwen fan dit type dat ea boud is, de arsjitekt is ûnbekend. It lytse gebou mei puntdak en luifel om it hiele gebou hinne stiet op it eilânperron en befettet allinnich de needsaaklike stasjonsfoarsjenningen. De wenning fan de stasjonsjef komt op in oar plak, yn de buert fan it stasjon.
It stasjonsgebou waard yn 1979 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou ek wer op it perron, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In smel transparant gebouke mei lykas it âlde gebou allinnich de needsaaklike foarsjenningen, as in loket en in wachtromte. It bouwurk hie in kap dy't noch inkelde meters yn it ferlingde fan it gebou trochrûn boppe it perron.
It 2e stasjonsgebou waard yn 2003 sloopt, om plak te meitsjen foar spoarferdûbeling tusken Amsterdam en Utert. Yn 2004 is it fernijde eilânperron klear. It perron is fia in brede brêge ferbûn mei de wyk Maarssenbroek. De brêge sûnder fierdere stasjonsfunksjes is ynboud yn in nij kantoarpân dat njonken it stasjon berne is.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
7300 | Sprinter (NS) | Breukelen – Maarssen – Utert-Sintraal – Driebergen-Zeist – Veenendaal Sintrum – Rhenen | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Maarssen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|